Beleaning foar tip ynbraak Harns

© Omrop Fryslân
In ûndersyks- en advysburo út Breda seit in beleaning ta oan minsken dy't mear fertelle kinne oer in ynbraak fannewike yn Harns. Ut in bedriuwsgebou oan de Vormer yn Harns waarden woansdeitemiddei in flatscreens, mobile telefoans en kamera's stellen.
Opfallend yn de saak is dat de dieders it stek fan it plysjeburo mei in ketting ôfsletten ha. De plysje koe dêrtroch net fluch reagearje op de ynbraakmelding.