Cambuur thús ûnderút tsjin MVV

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert is hopeloas út foarm. Freedtejûn tsjin MVV mislearre sa'n bytsje alles. Spilers fûnen inoar net, der waarden kânsen om it leven mist en sadwaande koe MVV de skoare iepenje fia Caracciolo. Muhamadu makke noch foar rêst gelyk. Yn 'e twadde helte koe MVV noch fierder útrinne fia op 'e nij Caracciolo en Heymans: 1-3.
Troch de winst yn Ljouwert stiet MVV net langer op it lêste plak. Cambuur stiet no 16de mei 10 punten út 14.