Plysje pakt merkkeapman op

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei op de wykmerk fan Ljouwert in 37-jierrige merkkeapman út Den Helder oppakt. Hy ferkocht al in skoft stellen kosmetika-produkten, dy't ôfkomstich wiene fan drogisterijen út Ljouwert. It guod is yn beslach nommen. Neist de keapman binne ek in man (45) út Burgum en in man (24) út Sint Anne oanhâlden. Bliken die dat sy yn opdracht fan de merkkeapman by de drogisten delgiene om guod te stellen.