Lêste dei boargemaster Hartkamp

© Omrop Fryslân
Freed wie de lêste dei foar Siebolt Hartkamp as boargemaster fan Snits. Hy wol eins net ophâlde, mar moat op 65-jierrige leeftiid mei pinsjoen. Hartkamp hat 32 jier boargemaster west, earst yn Frjentsjer en dêrnei tsien jier lang yn Snits.
By syn ôfskiedsresepsje waard der posityf op syn wurk, dat er mei in soad ynset dien hat, weromsjoen. Hartkamp waard typearre as maklik oansprekbar, sosjaal en in man mei humor.