Oprop Wakker Dier slacht net oan

14 nov 2003 - 00:00

Mar ien fan de 18 Fryske toprestaurants hat fette guozze- en eineleverpatee fan it menu helle. De stichting Wakker Dier hie dêr op oantrune, mar krijt net in soad respons. Allinnich de Nieuwe Mulderij yn Ljouwert helle de lever- patee oftewol foie gras, fan de kaart.

Wakker Dier protestearret tsjin de grauwélige wize wêrop't guozzen en einen fetmeste wurde foar foie gras. De bisten krije om fette levers te krijen mei in trachter fette maisbrij yngetten

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)