Keunstwurk Mûnein ôfwiisd

14 nov 2003 - 00:00

It plan foar in keunstwurk yn it wetterke de Swarte Broek by Mûnein is tongersdei riedsbreed oan de kant skood troch de rie fan Tytsjerksteradiel. It objekt fan 6,5 meter heech, soe opboud wurde út in achttal kubuseftige foarmen.

Ynwenners fan Mûnein en Readtsjerk wiene fûl tsjin it keunstwurk yn it natuergebiet. In grut tal kaam dan ek nei it gemeentehûs yn Burgum om it plan tsjin te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)