Eppinga ferlit Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Trainer Sjoerd Jan Eppinga fan de Harkemase Boys sil de klub oan de ein fan dit seizoen ferlitte. Dat hat Eppinga tongersdei meidield oan it bestjoer en de seleksje.
Eppinga is dwaande mei it twadde seizoen as trainer fan de Boys. It ôfrûne seizoen behelle er mei syn team it kampioenskip yn de haadklasse C. Reden foar syn ôfskied lizze yn de persoanlike sfear.