Aksje tsjin opdoeken spoar

13 nov 2003 - 00:00

Treinreizgers dy't moarns tusken 7.00 en 10.00 oere op it treinstasjon fan Harns komme, kinne fan moandei ôf in hantekening sette tsjin it ferdwinen fan de spoarline. It giet hjir om in ienmansaksje fan de Harnzer Loek van der Heide.

De aksje sil twa wike duorje. Yn it wykein mikt Van der Heide op minsken dy't nei de eilannen reizgje. By de provinsje waard oppere om mar op te hâlden mei it spoar Ljouwert-Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)