Soarch oer studinten yn St. Anne

© Omrop Fryslân
Sint Anne is benaud dat der hieltyd mear studinten yn it doarp komme te wenjen. Om't Ljouwert hast gjin studintewentes hat, wike se út nei doarpen om de stêd hinne. Pleatslik Belang hat de gemeente It Bilt yn in brief frege oft dit allegear samar kin.
Foarsitter Pars hat soargen oer it tanimmend tal studinten dat nei Sint Anne komt. Studenten sels sizze lykwols dat se net foar problemen soargje sille yn Sint Anne.