Soargen om parkearferbod Drylts

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Drylts meitsje har grutte soargen. De gemeente wol it parkearen op de stedsgrêft yn it sintrum ferbiede. Op it stuit wurde de besteande parkearplakken der wei helle om plak te meitsjen foar in nije grêft.
Om it stedsgesicht net te bedjerren wol de gemeente auto's warre. Stedsbelang en de ûndernimmers binne benaud dat it parkearferbod bedriuwen de kop kostje sil. Neffens de gemeente is der genôch parkearrûmte en falt it allegear wol ta.