Azc-saak: fertochten frijlitten

© Omrop Fryslân
Alle jongeren dy't derfan fertocht wurde dat se belutsen wiene by de reboelje om it Dokkumer azc hinne, binne tongersdei wer frijlitten. De plysje Fryslân is klear mei it ûndersyk en draacht de saak ynkoarten oer oan it Iepenbier Ministearje.
De offisier fan Justysje beslút letter oft de jongeren ferfolge wurde. Se soene stiennen nei it azc en bewenners smiten ha. Guon fan har soene plannen makke ha om it azc yn brân te stekken.