Skoalle wist fan ekstreme ideeën

© Omrop Fryslân
It wie al langer bekend by it Dockingakolleezje yn Dokkum dat der bern op skoalle sitte mei ekstreme ideeën oer bûtenlanners. It soe gean om in groep fan 25 learlingen, dy't har ideeën mei útdrage troch de klean dy't se oan hawwe.
De bern hawwe mei har gedrach de bewenners fan it asylsikersintrum in soad skrik oanjage. It Dockingakolleezje hat inkele learlingen skorst.