Mei kompjûter bestelle by SRV

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Aldeholtpea kinne ynkoarten mei de kompjûter bestellings dwaan by de SRV-man. Fia de doarpswebside www.oldeholtpade.com wurdt it mooglik om bestellings yn 't foar troch te jaan. It bryfke by de lege flessen is dan net mear nedich.
De nije besteltsjinst is in gemaksservice foar de klant. De ferwachting is dat dit foar de SRV-man ekstra klandyzje opsmyt. Sadwaande kin de SRV yn de takomst rendabel bliuwe.