Jonge Fries krijt Ter Hart-priis

13 nov 2003 - 00:00

Arjen van der Kamp fan Ljouwert krijt nije wike de Ter Hart-priis. Dat is in lanlike erkenning fan de Nederlandse Vereniging Scheepsbouw Industrie foar syn fakmanskip en wurkhâlding. De priis wurdt alle jierren útrikt oan jonge skipsbouwers dy't bysûnder goed binne.

Van der Kamp hat de twajierrige oplieding ta skipsmetaalbewurker yn ien jier dien. Hy rûn staazje by Amels yn Makkum. De priis wurdt 18 novimber útrikt yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)