ADSL op Skylge

© Omrop Fryslân
Skylge krijt ADSL. Dêrmei is it eilân de earste fan de Waadeilannnen mei in rappe foarm fan ynternet. Twa telefoansintrales op West en Lies wurde derfoar oanpast. Oanslutingen op in ôfstân fan trije kilometer fan de sintrales kinne ADSL krije. Baaiduinen en Oosterend falle der krekt bûten.
KPN makket de telefoansintrales klear foar ADSL. Op West is dy begjin jannewaris klear. Op Lies is de sintrale healwei takom jier klear.