Bedriuwen Langwar tsjin fytspaad

12 nov 2003 - 00:00

Bedriuwseigners fan yndustryterrein Doumastate yn Langwar stappe mooglik nei de rjochter as de gemeente in fytspaad by har bedriuwen oanleit. De eigners wenje by har bedriuw en ha gjin ferlet fan in rekreatyf fytspaad by har bedriuw en hûs del.

De gemeente Skarsterlân set it plan nei alle gedachten wol troch. Neffens wethâlder Hylkema wisten de bewenners fan it fytspaad ôf doe't se de grûn kochten. De bewenners ûntkenne dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)