Staazjes foar wurkleazen

12 nov 2003 - 00:00

Twatûzen wurkleazen kinne yn in nij projekt har kânsen op de arbeidsmerk fergrutsje. De trije noardlike provinsjes en it ministearje fan Sosjale Saken sette in projekt op fan 375.000 euro op.

De provinsjes stimulearje bedriuwen om staazjes of lear- en wurkprojekten op te setten. It giet om projekten yn it midden- en lytsbedriuw, yn de bou en rekreaasje. Wurkleazen dy't leech oplaat binne, dogge wurkûnderfining op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)