Noed oer ambulânsesoarch

© Omrop Fryslân
Ambulânses op it plattelân binne net yn in kertier op it plak dêr't se wêze moatte. De trije noardlike provinsjes en in tal syktekostefersekerers meitsje har der soargen oer. Se ha in brief oan minister Hoogervorst skreaun.
As sjauffeurs bûten kantoartiden ride, kostet dat mear tiid. Se moatte fan hûs komme en noch in ferpleechkundige ophelje. De organisaasjes wolle dat in ambulânse klearstiet mei sjauffeur en ferpleechkundige by kalamiteiten.