Multyfunksjoneel sintrum Boijl

11 nov 2003 - 00:00

Yn Boijl komt in multyfunksjoneel sintrum mei dêryn de legere skoalle, in pjutteboartersplak en mooglik in supermerk. Dat hat de wenningstifting Weststellingwerf bekend makke.

Om de plannen te beteljen sille 22 oant 26 nije huzen boud wurde. Dy sille foar in part ferhierd en ferkocht wurde. De grûn foar de wenten en it nije sintrum wurdt kocht fan de herfoarme tsjerke. De bou set nei alle gedachten yn 2005 út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)