Littenseradiel folslein on-line

© Omrop Fryslân
Littenseradiel hat 30 foaral lytsere doarpen en in grut bûtengebiet. Dochs krije alle húshâldings ynkoarten fluch ynternet, tanksij in proef fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De bewenners moatte wol in fêst bedrach yn 'e moanne betelje.
Littenseradiel sil, mei noch trije gemeentes, meidwaan oan in proef fan it ryk foar de oanlis fan breedbân op it plattelân. De oanlis sels sil troch it ryk betelle wurde.