Amelân easket útbaggerjen

11 nov 2003 - 00:00

De gemeente It Amelân stapt by need nei de rjochter om Rykswettersteat oan de ôfspraken te hâlden oer it útbaggerjen fan de fargeul. Dat seit boargemaster Verhoeven fan It Amelân.

Rykswettersteat is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de farwegen nei it eilân. Neffens de gemeente en ferfiersmaatskippij Wagenborg rint Rykswettersteat dêr in ein mei achter troch jildgebrek. De boat rint hieltyd faker fertraging op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)