Jonge driget mei neppistoal

11 nov 2003 - 00:00

De plysje is tiisdei mei kûgelfrije festen útrukt nei it skoalplein fan it Marnekolleezje yn Boalsert oan de Gysbert Japicxleane. In omwenner sei dat der in jonge mei in wapen by de skoalle rûn.

Doe't de plysje oankaam, die bliken dat it om in neppistoal gie dat net iens op in echten like. Learlingen seagen ferheard dat de plysje de 18-jierrige âld-learling út Boalsert meinaam. It bliuwt wierskynlik by in warskôging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)