Asylsikers Dokkum binne benaud

11 nov 2003 - 00:00

De bewenners fan it azc Dokkum doarre de stêd net mear yn. Se binne bang fanwege de mooglike oanslach mei in molotovcoctail dêr't fiif jongeren foar oppakt binne. Earder waarden ek al guonts oppakt foar bedriging en it oanbringen fan hakekrusen op 'e dyk.

De azc-lieding wol mei aktiviteiten foar bewenners en de jongerein de sfear ferbetterje. De polityk fan Dongeradiel karde moandei it geweld yn in moasje moandei unanym ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)