3 Fryske restaurants yn top 100

11 nov 2003 - 00:00

Fryslân is dit jier mei trije restaurants fertsjinwurdige yn de top 100 fan 'e restaurantgids Lekker. Njonken De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach en Koriander yn Drachten stiet dit jier foar it earst restaurant Eindeloos yn 'e top 100.

Debutant Eindeloos blinkt út troch ienfâld en in goede priis-kwaliteit-ferhâlding. De oare twa Fryske restaurants binne nochal wat yn plak sakke fergelike mei ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)