Gjin F16's Twente nei Ljouwert

11 nov 2003 - 00:00

Fleanbasis Ljouwert krijt gjin F16's fan 'e basis Twente. Heechút kinne in tal fakatueres foar piloaten yn Ljouwert opfold wurde.

De fleanbasis Twente moat fanwege besunigings yn 2007 ticht. Op de basis binne 137 F16's stasjonearre en 108 dêrfan moatte oar plak krije. Foar Fryslân soe dat te folle leven betsjutte en dêrom gean se nei de basis Volkel. Ljouwert nimt wol personiel foar de grûnferdigening fan Twente oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)