Jild op foar lokale omrop HOS

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean stekt gjin jild mear yn 'e lokale omrop Hearrenfean, de HOS. De gemeenteried stimde moandei foar it skrassen fan 'e 20.000 euro subsydzje.
Ien fan de redenen is it gebrek oan harkers. Undersyksburo Intomart stelde fêst dat it stasjon in wykberik hat fan 2%. Twa jier ferlyn is ôfpraat dat de omrop oant dit jier de tiid hie de harksifers te ferbetterjen. Dat is net slagge en dêrom giet de stekker derút.