Fleanbasis jaget doarp op kosten

11 nov 2003 - 00:00

Ynwenners fan it easten fan Menaam wurde ûnnedich op kosten jage troch de lûdsregels fan 'e fleanbasis Ljouwert. Dat fynt boargemaster Van Delft fan Menameradiel. As se bouwe wolle, moat dat mei lûdsisolaasje. Mar de fleantugen komme net sa ticht by Menaam as de 'lûdskontoeren' suggerearje.

De provinsje hat by de minister fan Definsje al fersocht om oanpassing fan dy lûdskontoeren. Dat is oant no ta net slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)