A7 mikt op bedriuwen Rânestêd

© Omrop Fryslân
De A7-regio tusken Snits, De Jouwer, It Hearrenfean en Drachten hat ferlet fan ûndernimmers út it Westen. Dat fynt de A7-ûndernimmersfederaasje, dêr't mear as 800 ûndernimmers lid fan binne.
In publisiteitskampanje stiet heech op 'e aginda om konkurrearje te kinnen mei oare bedriuwsregio's. Dêryn moat omtinken wêze foar it feit dat it Noarden tichter by it Westen leit as guon tinke. Fierders moat de klam lizze op de filefrije wegen.