Klappen yn sektor leelje-telers

11 nov 2003 - 00:00

By de Fryske leelje-telers driigje it kommend jier twintich oant tritich arbeidsplakken te ferdwinen. Dat seit sekretaris Osinga fan de Koninklijke Algemene Vereniging Bloembollentelers yn it Noarden. Oarsaak is de minne ôfsetmerk fan dit momint.

De measte leeljeboeren sitte yn it súdeasten fan 'e provinsje. De klap komt ekstra hurd oan om't it om yn ferhâlding frij jonge bedriuwen giet. Dy hawwe minder finansjele reserves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)