Meldpunt foar te lege molkprizen

11 nov 2003 - 00:00

De LTO wol in meldpunt opsette foar te lege molkprizen. De lânbou-organisaasje hopet sa de boeresektor beskermje te kinnen yn 'e supermerkoarloch dy't op dit stuit hearsket. Nei de melding nimt de LTO kontakt op mei de winkel.

It meldpunt is oarspronklik in idee fan 'e Belgyske susterorganisaasje, de Boerenbond. Dêr hat it ferset tsjin te lege molkprizen al fertuten dien. It meldpunt kin letter ek brûkt wurde foar te lege fleis- en grienteprizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)