Nije Gouden Gids lânsbrocht

10 nov 2003 - 00:00

Op tal fan plakken yn Fryslân is moandei de nije Gouden Gids útsutele. Dat barde net lykas yn oare jierren, troch him troch de bus te smiten. De nije gids is sa tsjok dat er persoanlik ôflevere wurde moat.

De nije gids is sa tsjok, om't der no ek privee-tillefoannûmers en -adressen yn steane. Dat kin om't de KPN it monopoly op sokke gegevens net mear hat. Alle plaknammen steane der yn it Frysk en it Nederlânsk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)