Spontane staking by Bijlsma

10 nov 2003 - 00:00

De wurknimmers fan skipswerf Bijlsma op 'e Lemmer ha moandei it wurk in skoft dellein. Se diene dat út protest tsjin it op non-aktyf setten fan de foarsitter fan de ûndernimmingsrie.

It personiel fûn it net akseptabel dat de foarsitter oan de kant set is yn in tiid fan reorganisaasje en dat der noch altyd net in sosjaal plan is foar wurknimmers dy't har baan ferlieze. Nei de aksje is de foarsitter wer yn tsjinst nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)