Sluting bedriget skipsynternaat

© Omrop Fryslân
Ljouwert driget syn skippersynternaat te ferliezen. As de besunigings dy't it regear oankundige hat trochgeane, kin It Roefke it net langer bolwurkje. Tiisdei geane alle skippersynternaten nei De Haach om aksje te fieren.
Mooglik moat It Roefke al 1 jannewaris ticht. It tal bern op it ynternaat is yn tweintich jier tebekrûn fan hûndert nei fiif. Ynternaat It Kompas yn De Lemmer groeit wol, mar ferwachtet ek swier waar troch de besunigings.