Oanslach azc tefoaren kaam

© Omrop Fryslân
De plysje hat fiif jonges oanholden dy't it Dokkumer asylsikerssintrum yn 'e brân stekke woenen. De fertochten binne 14, 15 en 18 jier. De jongste is in Dokkumer, de oare fertochten komme út Dantumadiel. Ien fan har is militêr.
De jonges hiene al molotov-cockails klear lizzen. De trije âldsten wurde ek fertocht fan fernielings by it azc op 17 oktober. De plysje hat in grut ûndersyk ynsteld. Dêrby is ek de maresjaussee belutsen.