Mulder: Filmfestival mei bliuwe

© Omrop Fryslân
Om deputearre Mulder mei it Noardlik Filmfestival takom jier gewoan trochgean. De besunigings binne net sa heech as tocht. En boppedat binne de subsydzje oan it festival en it Sintrum foar Film yn Fryslân twa ferskate dingen, sa sei Mulder.
Yn desimber nimt de provinsje in definityf beslút oer de takomst fan it filmfestival. It Noardelik Filmfestival is it wichtichste bûten de Rânestêd. De provinsje woe dêrop besunigje.