Popkonserten yn suvelfabryk

10 nov 2003 - 00:00

It âld suvelfabryk yn Burgum is ferkocht oan de pleatslike ûndernimmer Huizinga. Hy wol der in evenemintesintrum fan meitsje mei ûnder oare in konsertseal, in dûkskoalle, in bowlingbaan en in klimtoer. Eveneminte-organisator Jan Adema fan Earnewâld wurdt de útbater.

It nije sintrum moat op 1 april takom jier klear wêze. It gebou stie leech sûnt Friesland Coberco Dairy Foods heal augustus de lêste tsizen ôflevere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)