Deadsdriging yn Drachten

10 nov 2003 - 00:00

In ynwenner (48) fan Drachten is troch de plysje oanhâlden foar bedriging mei de dea. Hy soe in 41-jierrige plakgenoat tillefoanysk lestichfallen hawwe. Letter soe er ek noch by dy syn wente delkommen wêze. By de oanhâlding bedrige de man ek noch in plysjeman.

De 48-jierrige Drachtster sit foarearst fêst yn 'e plysjesel. De reden fan syn gedrach leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)