List Liet Ynternasjonaal bekend

© Omrop Fryslân
Dancemuzyk fan Gwenno yn it Kornish, Sorbyske metal fan Awful Noise en 'hypnotisearjende sjamanemuzyk' fan Transjoik út Noars Laplân. Dat binne in pear fan 'e opfallende akts fan de twadde edysje fan Liet Ynternasjonaal. Dit sjongfestival foar minderheidstalen is op snein 23 novimber yn De Harmonie yn Ljouwert.
Oare dielnimmende regio's binne Noard-Ierlân, Wales, Kataloanië, Oksitanië, Friûlië, Galisië en Fryslân.