De Jouwer ferliest mei 7-1

© Omrop Fryslân
In minne wedstryd mei in dramatyske útslach foar sneinshaadklasser De Jouwer. Dat wie de útwedstryd fan De Jouwer tsjin HSC'21 yn Haaksbergen. It waard 7-1 foar HSC.
It earste doelpunt foar HSC foel al yn de earste fiif minuten. Efkes letter yn de tolfste minút waard it 2-0 en nei 20 minuten wie it 3-0. Pas nei in kertier yn de twadde helte slagge it Johnny Dölle fan De Jouwer in tsjindoelpunt te skoaren.