Noch 2 ronden yn damkampioenskip

09 nov 2003 - 00:00

Gabriël_Heerema út Drachten en Anton_Schotanus út De Like steane nei de njoggende ronde fan it Frysk Kampioenskip Damjen mei syn beiden op kop. Beide spilers hawwe 13 punten.

Heerema wûn freed tsjin Geale_Stoker fan Wâldsein, wylst Anton_Schotanus klubgenoat Sietse_Nagel fan Húzum Ljouwert fersloech. Erwin_Heslinga út Ljouwert moat foarearst ôfheakje foar it earste plak. Hy spile remise tsjin Frederik_Veltman fan Nes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)