Hearrenfean stelt teloar: 1-1

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen spile sneontejûn teloarstellend mei 1-1 lyk tsjin it ûnderoansteande FC Zwolle. Hearrenfean kaam yn de sechtjinde minút fan de twadde helte op foarsprong, troch in goal fan Gerald Sibon. Yn de blessueretiid makke Bert Zuurman de lykmakker.
De Feansters spilen net goed. Allinnich yn it earste kertier siet de gong der aardich yn. Doe wiene der in pear goede kânsen, mar dy waarden net benut.