Demonstraasje lulke stedswachten

© Omrop Fryslân
Inkelde tsientallen lulke stedswachten ha sneontemiddei yn Ljouwert in protestdemonstraasje hâlden tsjin de gemeente Ljouwert. De gemeente hat 4 ton foar de stedswachten oer, wylst de stifting 1,4 miljoen euro frege. Fan it jild fan 'e gemeente kinne 30 fan 'e 54 stedswachten harren funksje behâlde.
De 24 oaren krije in oare funksje by de gemeente. Watfoar funksje dat krekt wurdt witte se net en benammen dat set kwea bloed by de stedswachten.