Kâns op trochstart Fano Food

© Omrop Fryslân
It bedriuw Fano Fine Food yn Easterwâlde hat goeie kâns op in trochstart. Der binne twa banken dy't it bedriuw wol kredyt jaan wolle, sadat it fabryk trochgean kin mei it meitsjen fan slaatsjes en mielen. Hjirtroch is Fano wer in stik oantrekliker foar oare bedriuwen om oer te nimmen.
Fano krige ferline wike útstel fan betelling, fanwege grutte skulden. De kurator fan Fano hat al kontakt hân mei bedriuwen dy't Fano wol oernimme wolle.