Hûnesportferiening yn problemen

© Omrop Fryslân
Hûnesportferiening Timbo fan De Gordyk sit mei de hannen yn it hier. De feriening rekket fan 1 jannewaris ôf in grut part fan syn treningsfjild kwyt. It stik grûn is fan de gemeente Opsterlân en dy hat der oare plannen mei.
De hûnesportferiening hat de gemeente frege om te helpen by in syktocht nei in oar terrein, mar dat hat noch neat opsmiten. De kâns bestiet dat it aanst dien is mei it trenen fan hûnen.