Instec wurdt oernommen

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ûndernimmingen Lodema Elektrotechniek en Nivo Noord nimme it fallite bedriuw Instec Installatietechniek oer. 10 fan de 17 wurknimmers fan Instec Installatietechniek kinne dêrtroch har baan hâlde.
De nije ûndernimming krijt de namme Instec Installatie & Service. De 10 wurknimmers dy't mei oer geane, meitsje earst de rinnende projekten fan it fallite bedriuw ôf.