Mear dieders by moard Haule?

07 nov 2003 - 00:00

Mooglik ha mear minsken belutsen west by de moard op kafeehâlder Fokko Werkman út Haule. It ûndersyksteam fan de plysje makke dat freed bekend. Op 22 oktober waard in ynwenner fan Haulerwyk oanhâlden.

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert is noch op syk nei saken dy't mei de moard ferbân ha kinne lykas in gouden halsketting, in swarte beurs en in biljet fan 500 euro. Minsken dy't mear ynformaasje ha kinne belje: 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)