Fiif euroton foar âld-dykgraaf

© Omrop Fryslân
Ald-dykgraaf Togtema krijt hast 500.000 euro by syn ûntslach. Om't de seis wetterskippen fusearje, moast er op syn eigen funksje sollisitearje. It bestjoer keas foar in oar.
De leden fan it wetterskipsbestjoer wienen it net unanym iens mei dizze regeling foar Togtema. In wetlik fêststelde regeling fan wachtjild foar sân jier wie lykwols djoerder. It jild wat sa besparre is, wurdt bestege oan saken binnen it wetterskip.