Film oer Kollum en it azc

07 nov 2003 - 00:00

De Kollumers binne oandien troch de dokumintêre fan de IKON. De omrop makke in film oer de sluting fan it azc yn Kollum. It doarp waard lanlik bekend nei de moard op Marianne Vaatstra en de reboelje om it azc.

Yn de film dy't de Kollumers al sjen mochten, dogge se har eigen ferhaal. Se fine dat it byld dat de film jout kloppet, mar se skamje har ek. Se binne bliid dat der net wer in nij sintrum komt. De film is 13 novimber op tv.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)