Nijbou fan apparteminten yn Grou

07 nov 2003 - 00:00

In bedriuw út Heerhugowaard wol yn Grou 14 apparteminten bouwe. Der is in oanfraach yntsjinne. Yn de pleats oan de Parkstrjitte, dêr't in supermerk yn sit, wurde sân apparteminten boud. Op de greide derachter komt in gebou mei plak foar ek sân apparteminten.

Pleatslik Belang wol dat fjild iepen hâlde. De rie hat ferline jier ynstimd mei de plannen fan it bedriuw. De supermerk komt op it eardere terrein fan Kooiker oan de Stasjonswei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)