Keunstner herstelt keunstwurk

© Omrop Fryslân
It keunstwurk op de brêge yn De Pein is freed hersteld troch de keunstner Ids Willemsma. In kraan en in heechwurker wiene nedich om ien fan de pylders fan de brêge te ferfangen. De metalen pylder, dy't sa'n 800 kilo swier is, waard ôfrûne âld en nij skansearre troch fjoer. Dêrtroch begûn it keunstwurk te rustkjen en rekke de konstruksje út ferbân. De skea, sa'n 6000 euro wurdt betelle troch de gemeente Smellingerlân.